Adda fan Bernisia

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Adda fan Bernicia)

Adda wie de treds bekende hearsker oer it Angelsaksyske keninkryk Bernisia.

Adda wie ien fan de soannen fan Ida, de earste hearsker oer Bernisia, lykas syn opfolger Æthelric.

Adda kin de befelhawwer fan Bernysje yn de slach fan Caer Greu west hawwe, dêr't de Britske keningen Peredur en Gwrgi fan Ebrauc de dea yn fûn hawwe. De boarnen binne it lykwols net iens oer dit konflikt. De Annales Cambriae sizze dat de Slach fan Caer Greu yn 580 wie. It bewiis dat Adda de Bernisjaanske kening yn dy kwestje wie is dat de Welsh Triads dy oanfierder identifisearret as Ida. Omdat de boarnen it iens binne oer it stjerjier fan Ida (559), wurdt oannaam dat de Triads har yn de namme Ida fersind hawwe en Adda -- de namme liket wol wat op Ida -- bedoeld waard. De Historia Brittonum seit lykwols dat Adda mar 8 jier nei Ida regearre; as dat sa is moat de Bernisjaanske lieder ien fan Adda's opfolgers west hawwe of ien fan de boarnen hat de datums troch elkoar helle. It kin ek wêze dat Ælle fan Deira de Angelen by Caer Greu laat hat - wis is dat Ebrauc nei de slach net mear in keninkryk wie, mei't Deira syn gebiet oernaam. Omdat de oerbleaune noard Britske keninkriken mei elkoar in fûleinige kampanje tsjin Bernisia begongen en net tsjin Deira, liket it derop dat Bernisia de oarspronklike oanfaller west hat.

Fierders is der neat oer Adda bekend. Saakkundigen ferskille fan miening oer de folchoarder en regearjierren fan de keningen tusken de dea fan Ida en it begjin fan Æthelfrith syn regear (592/593).