Ada fan Hollân

Ut Wikipedy
Ada fan Hollân
libben
berne? - 1188
ferstoarn? - 1223
heitDurk VII
memAleid fan Kleef
houlik
datum? - 1203
partnerLoadewyk II fan Loon
berngjint
Greve fan Hollân en Seelân
perioade1203 - 1207
foargongerDurk VII
opfolgerWillem I
Hûs fan Hollân

Ada (1188 - 1223) wie grevinne fan Hollân en Seelân fan 1203 ôf. Ada wie in dochter fan Durk VII en Aleid fan Kleef. Doe't har heit yn 1203 stoar, wie Ada de lêste noch libjende dochter. Om de posysje fan Ada te ferstevigjen lieten se de doe 15-jierrige Ada (noch foar it te hôf bringen fan har heit) trouwe mei Loadewyk II fan Loon.

Har omke Willem I erkende Ada net as grevinne fan Hollân en rôp himsels út ta greve fan Hollân. Hy krige dêrby stipe fan de eallju fan Kinmerlân, wêrnei't Aleid fan Kleef en Loadewyk fan Loon nei Utert flechtsje moasten.

Ada waard (nei it te hôf bringen fan har heit) troch oanhingers fan Willem by Leien bekrongen. Se ferstoppe har yn de boarch fan Leien, dy’t nei in koart belis troch de boarchgreve fan Leien, Philips fan Wassenaar, ynnommen waard. Ada waard troch har omke nei de Ingelske kening Jan sûnder Lân stjoerd en Willem naam it greefskip op him. Der folge in kriich ûnder de namme Loonske oarloch, dy’t oan 1206 ta duorje soe. De oarloch einige mei it ferdrach fan Brugge yn 1206. Formeel besjoen waard it greefskip tusken Willen en Loadewyk fan Loon opdield. Willem krige Seelân en de streek om Geetruidenberg hinne, en Loadewyk de rest.

Yn 1207 wist Loadewyk fan Loon Ada frij te krijen, mar Ada moast har oanspraak op it greefskip opjaan. Loadewyk en Ada hawwe noch wol besocht om it werom te krijgen. Mar dy striid waard in ûnderdiel tusken Frankryk en de Hohenstaufen-dynasty. Willem wist Hollân lykwols sûnder grutte swierrichheden foar himsels te behâlden. Yn 1213 moasten Loadewyk en Ada harren oanspraak op it greefskip Hollân opjaan.

Ada ferstoar sûnder bern yn 1226 en is te hôf brocht yn de Abdij fan Herkenrode yn it greefskip Loon.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]