Acht maats blues

Ut Wikipedy

De acht maats blues (Eight bar blues) is lykas de tolve maats blues in foar bluesnûmers typysk akkoarde-skema wêrby’t de nûmers opboud binne út fersen fan acht 4/4-maten.

In ienfâldich foarbyld dêrfan sjocht der sa út: (ien akkoard foar eltse tel mei "B" foar it basis akkoard, "S" foar subdominant akkoard en "D" foar it dominant akkoard.)

B     B     S     S    |
B B B B |
S S S S |
B B B B |
B B B B |
S S S S |
B B D D |
B B B B |

(Boppesteand skema wurdt ek wol sechtjin maats blues neamd wêrby't elk teken stiet foar in heale toan yn in 2/2- of 4/4-maat. De blues hie fanâlds gjin bân mei notaasjes, dus doe't dêr mei begûn waard ynterpretearre de iene in nûmer wol ris wat oars as in oar.)

Ek op dit skema binne hast ûneinige fariaasjes mooglik, benammen as de yn de blues faak as oergong brûkte septym-akkoarden derby helle wurde.

B     B     S7    S7   |
B B B7 B7 |
S S S7 S7 |
B B B B |
B B B7 B7 |
S S S7 S7 |
B B D7 D7 |
B B B D7 |

Yn boppesteand skema wurdt yn de lêste maat it dominant akkoard brûkt en is dêrmei in oergongsakkoard nei in folgjend fers of bygelyks in ynstrumintale solo.

Yn it ûndersteande foarbyld stiet it patroan yn D, en hoe’t it past yn in fers. Foar eltse tel is ien akkoard werjûn wêrby’t in streekje ( “-“ ) stiet foar it kontinuearjen fan it foarrige akkoard:

D              -               
Woke up this morning with the 
 
G         -        D   -   D7   -   
 
blues down in my soul 
 
G              -               
Woke up this morning with the 
 
G7         -        D   -   -   -  
blues down in my soul            
 
D                -               D7         -
Woke up this morning with the blues in my soul
  
            G              -     
Saying "My baby gone and left me, got a 
 
G7              - 
heart black as coal" 
 
D              -               
Woke up this morning with the 
 
A          A7       D      -   A7   -
blues down in my soul