Abraham fan Smolensk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ikoan fan de hilkige Abraham fan Smolensk

.

De hillige Abraham fan Smolensk (Russysk: Авраамий Смоленский, Avraamij Smolenskij) (Smolensk, ein 12e ieu - dêre, sa. 1221) wie in kristlik muonts út Ruslân. Hy waard mûonts yn it Bogoroditzkajakleaster yn syn berteplak. Neffens de oerlevering hat er in soad mirakels dien. As muonts wie er tige tawijd oan de stúdzje fan de bibel.

Abraham fan Smolensk wurdt beskreaun as in minske mei in strang en militêr karakter, dy't himsels en eltsenien it idee fan de Oardielsdei yn de holle printe. Hy wie tige populêr ûnder de leken, omdat er foar siken en ûnderdrukten yn it spier wie. Hy wie net sa populêr by de lokale klerus, dy't fijannich en jaloers foar him oer wienen.

Dy haatlikheid late lang om let ta ferskate morele en teologyske oanklachten tsjin him. De pleatslike biskop fan Smolensk naam disiplinêre maatregels tsjin Abraham. Letter waard sein dat er troch in wûder rjochtfeardige waard. Nei fiif jier iepene de biskop de saak tsjin Abraham fannijs en spruts him frij fan de klachten en beneamde him ta abt fan in lyts pleatslik kleaster. Abraham spansearre de rest fan syn libben yn dat kleaster en kaam dêr ek te ferstjerren om 1221 hinne. Troch syn learling Efraëm is der in koarte biografy fan him bewarre bleaun.

Syn hjeldei is 21 augustus.