Abe Gerlsma

Ut Wikipedy
Abe Gerlsma
keunstner
Abe Gerlsma yn 1994 mei syn ets "Judaspenning"
Abe Gerlsma yn 1994
mei syn ets "Judaspenning"
persoanlike bysûnderheden
echte namme Abe Gerlsma
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 3 febrewaris 1919
berteplak Frjentsjer
stoarn 19 maart 2012
stjerplak Frjentsjer
etnisiteit Frysk
wurkpaad
wurksum as Keunstskilder &
Utfiner

Abe Gerlsma (Frjentsjer, 3 febrewaris 1919 - dêre, 19 maart 2012) wie in Fryske keunstskilder en útfiner fan lânboumasines.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Melkerstiid
Gesicht fan de pier fan Holwert ôf

Nei de mulo folge er de oplieding HTS Wurktúchbou.

Op it mêd fan etsen is Gerlsma in autodidakt. At er 19 jier is tekent er op in ôffalplaatsje sink in wylch yn in snielânskip. Mei selsmakke inket fan glyserine en skuonpoets, in wollen tekken as filtdoek en in parse út it molkfabryk printe er syn earste ets ôf. Troch syn fassinaasje foar de technyk lost er letter ek in soad artistike problemen op. Wurke er yn it earstoan mear nei de werklikheid, letter keas hy foar in frijere opfetting. Troch eksperimintearjen ûntstiene ferskate wurken mei inselde ûnderwerp. De kleur wie dêrby hieltiten oars. Dizze mearkleureplaten dogge hast wat ympresjonistysk oan en brochten him ta in nije ûntwikkeling. Benammen printen mei blossems levere in moaie spanning mei de eftergûn op. Oare ûnderwerpen binne it Fryske lânskip, it Waad, skippen en bisten.

Neist it skilderjen en etsen wurke hy by de Rykslânboufoarljochtingstsjinst. Nei syn pinsjoen yn 1982 leit er him hielendal ta op de keunst. Gerlsma die ek in tal útfiningen foar de snarebêd-poatmasine en loflûker foar jirpels dy't by .

Gerlsma is syn libben lang boeid troch it tsjinljocht yn it Fryske lânskip. Fryslân binnen- en bûtendyks is it haadtema yn de mear as 180 wurken dy't er makke hat. In soad etsen binne yn grut formaat en wurde faak yn meardere kleuren printe. De ierdetinten brûkt er dêrby in soad.
Yn syn wurkseme libben boude Gerlsma in oeuvre op fan mear as 180 wurken. Yn 2000 makke er syn lêste grutte kleurets yn twa platedruk mei de titel "Bombrekken", mar mei it skilderjen is oant hege âlderdom trochgien.

Abe Gerlsma wurdt fertsjintwurdige troch Galery de Roos fan Tudor.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: