Aartsbisdom Bremen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Plak fan it aartsbisdom yn it Hillige Roomske Ryk yn 1648, it jier dat it aartsbisdom opheft waard.

It Aartsbisdom Bremen (eigentlik Hamburch-Bremen) wie in aartsbisdom fan 864 oant 1648. It eastlike diel fan East-Fryslân wie ûnderdiel fan it aartsbisdom.

It Aartsbisdom Hamburch waard yn 831 stifte yn Hamburch. Yn 831 waard dat bisdom troch Denen fernield. Nei de fernieling fan it Aartsbisdom Hamburch waard in feiliger hinnekommen socht. Yn 845/847 luts de aartsbiskop fan Hamburch him werom nei Bremen. Dêr waard hy aartsbiskop fan it bisdom Bremen dat yn 787 stifte wie troch Karel de Grutte. Yn 864 waarden de beide bisdommen gearfoege ta it Aartsbisdom Hamburch-Bremen.

De tsjerkprovinsje besloech yn it earstoan Noard-Europa; it noarden fan Dútslân, de Baltyske steaten en Skandinaavje. Yn 947 waarden de bisdommen Sleeswyk, Ribe en Aarhûs stifte en yn 967 it bisdom Aldenboarch (de bisdommen Meklenburch en Ratzeburch skieden har letter fan Aldenboarch of).

Bremen ferlear syn ynfloed yn Skandinaavje doe’t yn 1104 it aartsbisdom Lund stifte waard. De bisdommen Sleeswyk, Ribe en Aarhûs foelen tenei ûnder Lund. Yn 1255 waard it bisdom Riga in aartsbisdom en sa ferliest Bremen ek syn ynfloed yn de Baltyske regio. Allinnich de bisdommen yn it hjoeddeistige Holstein en Meklenburch wienen by Bremen bleaun.

De reformaasje yn 1535 makke in ein oan it katolike aartsbisdom. Oare bisdommen yn de tsjerkprovinsje waarden troch de reformaasje wei. Oant de Frede fan Osnabrück yn 1648 wienen der noch wol Luterske aartsbiskoppen. It eardere aartsbisdom kaam op 12 novimber 1669 ûnder it apostolistysk fikariaat fan de Noardlike Missy. Yn 1995 waard de tradysje mei de stifting fan it aartsbisdom Hamburch fuortset.