Aart Staartjes

Ut Wikipedy
Aart Staartjes
akteur
Aart Staartjes yn De Stratemakerop-zeeshow (1973).
Aart Staartjes yn De Stratemakerop-zeeshow (1973).
persoanlike bysûnderheden
echte namme Aart Staartjes
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 1 maart 1938
berteplak Nieuwendam (Noard-Hollân)
stoarn 12 jannewaris 2020 (81 jier)
stjerplak Grins (Grinslân)
etnisiteit Nederlânsk
jierren aktyf 1957 – no
offisjele webside
gjint
Aart Staartjes yn Hadimassa, 1967

Aart Staartjes (Nieuwendam, 1 maart 1938 - Grins, 12 jannewaris 2020), wie in Nederlânsk akteur, regisseur, presintator, dokumintêremakker en publisist. Hy is benammen bekend wurden troch syn rollen yn bernetillefyzjeprogramma's, lykas De Film van Ome Willem en Sesamstraat. Sûnt 2012 wenne Staartjes yn Dronryp.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Staartjes waard yn 1938 berne yn Nieuwendam; hy waard opbrocht yn in húshâlding mei trije bern (hy hat in âldere broer en suster). Syn heit wie timmerman en oannimmer. Fanwegen de Twadde Wrâldoarloch gied er earst op syn achtste nei skoalle. Staartjes sette yn 1957 útein mei syn karriêre, doe't er yn 'e mande mei Eric Herfst en Ben Rowold in pantomimeselskip oprjochte, dat se "Pantalone" neamden. Nei't er de MULO ôfmakke hie, learde er foar ûnderwizer oan 'e kweekskoalle, mar al rillegau stapte er oer nei de toanielskoalle fan Amsterdam. Noch wylst er dêr studearre, wied er al yn ferskillende programma's op 'e tillefyzje te sjen. Nei syn eineksamen yn 1961 spile er earst by ferskate toanielselskippen, wêrûnder it Nij Rotterdamsk Toaniel.

Tillefyzjekarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1967 krige Staartjes foar it earst bekendheid, doe't er it programma Woord voor Woord makke, in rige bibelfertellings foar bern, dy't útstjoerd waard troch de IKOR (de hjoeddeistige IKON). Hy briek yn 1972 troch mei De Stratemakeropzeeshow, in berneprogramma fan 'e VARA. Dêrby wurke er gear mei û.o. de tekstskriuwers Willem Wilmink, Hans Dorrestijn, Jan Riem en Karel Eykman, komponist Harry Bannink en de akteurs Wieteke van Dort en Joost Prinsen. Yn dit programma, dat oant desimber 1974 útstjoerd waard, waarden in grut tal taboes trochbrutsen en waard foar it earst tillefyzje makke út it gesichtspunt fan bern wei ynstee fan út dat fan folwoeksenen wei.

Yn jannewaris 1974 betocht Staartjes in oar ferneamd berneprogramma, De Film van Ome Willem, mei Edwin Rutten yn 'e titelrol, Harry Bannink op 'e nij as komponist, en himsels yn ien fan 'e byrollen. It waard in grut súkses, en de VARA stjoerde it fyftjin jier lang út, oant 1989. Underwilens krige De Stratemakeropzeeshow in ferfolch yn J.J. de Bom Voorheen De Kindervriend, dat yn 1979 fan start gie mei Staartjes, Van Dort en Prinsen yn 'e haadrollen, mar yn 1981 troch de VARA út besunigingsomtinkens stopset waard. Fan 1984 ôf spile Staartjes fierders ek mei yn it ultime berneprogramma Sesamstraat, by de NOS (letter de NPS), yn 'e rol fan 'e segrinige fûterkont Menear Aart. Dêrmei wie Staartjes yn Sesamstraat ien fan 'e minmachtige akteurs dy't net gewoan harsels mar ynstee in betocht personaazje spilen. Meitiid waard Menear Aart dúdlik wat mylder, en nei it ferstjerren fan Lex Goudsmit naam er dy syn rol fan "freonlike pake" suver oer. As lúmstank fungearre letter Buorman Baasje, spile troch Martin van Waardenberg.

Aart Staartjes (m.) yn miskien wol syn bekendste rol: as Toon, yn De Film van Ome Willem.

Yn deselde tiid dat er yn Sesamstraat te sjen wie, makke Staartjes ek noch in programma foar pubers, Geef Je Ouders Maar de Schuld, dat yn it tillefyzjeseizoen 1985-1986 by de VPRO te sjen wie. Yn 1988 gie it programma Het Klokhuis, mei sketsen foar jongerein fan start by de NOS, wêryn't Staartjes op 'e nij feriene waard mei Wieteke van Dort en Joost Prinsen. Fierders wied er jierrenlang fan 1982 ôf as programmamakker behelle yn 'e op 'e Nederlânske tillefyzje útstjoerde oankomst fan Sinteklaas. Yn 1983 en fan 1985 oant 2001 naam hy ek it kommentaar foar syn rekken. Yn 't earstoan rommele it dêrby wat efter de skermen, mei't Staartjes net troch ien doar koe mei de doetiidske haadpyt Piet Römer en Sinteklaas Adrie van Oorschot. Under ynfloed fan Staartjes moast Van Oorschot yn 1986 it fjild romje foar Bram van der Vlugt, dy't op 'e toanielskoalle by Staartjes yn 'e klasse sitten hie. Troch syn belutsenens by safolle berneprogramma's waard Staartjes lange tiid net frege foar serieuze rollen, mar dat feroare yn 2006, doe't er te sjen wie yn 'e haadrol fan sirkusdirekteur Willy Waltz yn 'e dramarige Waltz.

Yn 2005 en 2006 publisearre Staartjes twa autobiografyske boeken: Aarts Vader en Had Ik Maar een Vak Geleerd. Op 10 april 2009 makke Staartjes yn it praatprogramma De Wereld Draait Door bekend dat er oan 'e ein fan dat tillefyzjeseizoen ophâlde soe mei syn rol fan Menear Aart yn Sesamstraat. Dat er dêr gjin aardichheid mear oan hie, wiet er benammentlik oan in skeel mei de netprogrammeur oer de begjintiid fan it programma. Teffens rôp er de sjoggers op om har miening oer dy saak bekend te meitsjen, wat late ta it oanbieden fan krapoan 200.000 stipebetsjûgings foar it stânpunt fan Staartjes oan tillefyzjedirekteur Gerard Timmer fan 'e NPO, op 22 april 2009.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't er jierrenlang op it Noardhollânske eilân Marken wenne hie, ferfear Staartjes yn 2012 nei it Menameradielster doarp Dronryp. Op 11 septimber 2014 waard der yn 'e Ljouwerter Krante melding fan makke dat er dêr by it plôkjen fan fruchten fan 'e ljedder knoffele wie en mei de ambulânse nei it sikehûs yn Ljouwert ta brocht wie. In deimannich letter waard berjochte dat er inkeld in harsensskodding oprûn hie en ûnderwilens wer thús wie.

Op 10 jannewaris 2020 wie Staartjes yn Ljouwert belutsen by in auto-ûngemak, wêrby't op 'e Harnzerstrjitwei yn syn brommobyl frontaal yn oanriding kaam mei in auto dy't fan 'e oare kant kaam. Staartjes waard swierferwûne nei it Universitêr Medysk Sintrum yn Grins oerbrocht, en stoar dêr twa dagen letter oan syn ferwûningen. Aart Staartjes waard 81 jier en liet in frou en trije bern nei. Hy waard op 17 jannewaris 2020 yn besletten fermidden begroeven op it tsjerkhôf fan d' Alde Wite, fuortby syn wente yn Dronryp.

Filmografy (in kar)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As stimakteur:

Publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2005 – Aarts Vader
  • 2006 – Had Ik Maar een Vak Geleerd
  • 2009 - Hannes
  • 2012 - Grote Hannes is al zeven

Platen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1971 - Vier bekende sprookjes verteld door Aart Staartjes: Roodkapje + Sneeuwwitje / De wolf en de zeven geitjes + Klein Duimpje - 12"LP - PHILIPS - 6440 035
  • 1972 - Woord voor woord - 12"LP - IMPERIAL - 5C 052 24727
  • 1973 - Peter en de wolf - 12"LP - DISCOFOON - 167 795
  • 1981 - "Stille Nacht" - 12"LP - Kinderland - 5033VD ("4 kerstverhalen verteld door Aart Staartjes" - De gestolen kerstboom, De Kerstcontroleur, De kerststal van Knötelö, Het kerstpakket (allegear skreaun troch Rogier Troyaan))

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.