Aaiebrêge

Ut Wikipedy

De Aaiebrêge (Offisjeel: Eierbrug) is in oerklûzing yn 'e binnenstêd fan Snits, oer in trijesprong yn de Stêdsgrêft.

Stee[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Aaiebrêge wurdt wol beskôge as it midpunt fan Snits, wat foar de Binnestêd aardich presys is. Ut it suden komt it wetter fan it Grutsân, út it easten it wetter fan it Lytssân en de Sûpemerk, en út it westen it wetter fan de Liuweburch, de Wip. Eartiids gong it wetter fan it Grutsân fierder nei it noarden. Yn de 19e iuw is dat lêste wetter lykwols oerkluze. De tagong is noch sichtber yn 'e Wip, mar is net mear iepen.

Fierder nei it easten leit de Bokkensbrêge. Fierder nei it suden lizze de brêgen oer it wetter fan it Grutsân.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2017 is de namme fan de brêge troch de gemeente fêstlein as "Eierbrug". Dy oerklûzing hat yn 1955 trije âldere brêgen ferfongen, dêr't de âlde Aaiebrêge der ien fan wie. Op en om dy brêge wie de hannel yn ljipaaien en hinne-aaien.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]