AVRO

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Algemiene Feriening Radio Omrop (Algemene Vereniging Radio Omroep), koartwei de AVRO, is in Nederlanske omroporganisaasje. De hjoeddeiske AVRO waard ein 1927 oprjochte, mar de woartels rike oant begjin jieren tweintig. It is fan oudsher in ûnôfhinkelike mediaorganisaasje, sûnder binning mei in religje as polityke groepering. Mar oare bewere dat de AVRO van oarsprong fan liberale grûnslag is.

Histoarje [bewurkje seksje]

Op 21 july 1923 hie de earste radio-útstjoering plak fanút de Nederlandsche Seintoestellen Fabriek te Hilversum. Op 1 maart 1926 seach de Stichting Hilversumsche Draadlooze Omroep it ljocht, dy't yn maart 1927 omdoopt waard tot Stifting Algemeene Nederlandsche Radio Omroep. Deze ANRO fusearre op 28 desimber 1927 mei de Nederlandsche Omroep Vereeniging út De Haach tot de Algemeene Vereeniging 'Radio Omroep', de AVRO. De driuwende krêft en inspirator derfan wie directeur Willem Vogt.

Minjon [bewurkje seksje]

Yn 1953 waard in jongereinôfdieling fan de AVRO-radio, Minjon, opgrjochte, wêr't jongerein, ûnder professionele beglyding, harre eigen radioprogramma meitsje koene, dat waard útstjoerd ûnder de titel Op De Jonge Golf. Dizze Miniatuur Jeugd Omroep Nederland wie in ynitiatief fan Herman Broekhuizen, dy't him al mei jongerein programmering dwaande hâld, en tegearre mei Lily Petersen it programma "Kleutertje Luister" makke. It initiatyf Minjon waard in kweekviiver foar de gehiele Nederlânske omrop.