AFRON

Ut Wikipedy

AFRON, is de Fryske Feriening foar Histoaryske lânbou dy't sûnt 1984 it garjen, registrearjen en eksposearjen fan boere-ark befoarderje en stypje wol. Teminsten twa kear jiers ferskynt ferieningsblêd It Ark. It Gerniersmuseum yn Berltsum, lânboumuseum De Brink en it Frysk Lânboumuseum te Earnewâld binne lid fan de feriening AFRON.

Der is in kolleksje boeken, tydskriften, foto’s, dia’s, folders, ynstruksjeboeken ensfh. op it mêd fan lânbou, feehâlderij en meganisaasje. Dit argyf sit oan de Kleasterwei yn Feankleaster.

Publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Mei hân en siel, DVD, kompilaasje fan âlde films oer it libben en wurkjen op it plattelân (Frysk Film Argyf)
  • Agrarisch Erfgoed (2009)
  • Vlas, van lijnzaad tot lijnwaad yn gearwurking mei it Lânboumuseum De Brink (Herman Poelsma, 2006)
  • In boerefeint vertelt (1999)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: