AEGEE
|
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
AEGEE (Association des États Généraux des Étudiants de l'Europe of European Students' Forum) is in Europeeske studinteferiening mei it doel om it yntegrearjen fan studinten oeral yn Europa te begeunstigjen. Neffens dy doelstelling hat AEGEE - oars as benei eltse oare feriening, organisaasje, bedriuw of oar ynternasjonaal gearwurkingsferbân yn 'e wrâld - gjin bestjoer op nasjonaal nivo, mar allinnich op lokaal en Europeesk nivo. AEGEE is in sekuliere, ynterdisiplinêre, non-profit organaasje, dy't net oan in politike partij ferbûn is.
AEGEE is yn 1985 oprjochte yn Parys en hat op it stuit mear as 15.000 leden en oer de 241 ôfdielingen (antennae) yn 'e measte Europeeske studintestêden ferparte oer 42 lannen. It Europeeske bestjoer fan AEGEE (AEGEE-Europe) hat har haadkantoar (headoffice) yn Brussel. Op Europeesk nivo organisearret AEGEE it hiele jier troch útwikselingen, gearkomsten, Summer Universities, konferinsjes en oare aktiviteiten oeral yn Europa.
Ynhâld |
Ferienings (op lokaal nivo) [bewurkje seksje]
Op lokaal nivo sjogge de AEGEE antennae (lokale ôfdieling) er net altyd itselde út. De ferienings binne elk in selsstannich rjochtspersoan. Wannear't in antenna de 'Convention d'adhesion for AEGEE' tekene hat en yn har eigen statuten in ferwizing nei de 'Convention' opnommen hat, is de antenna lid wurden fan 'e europeeske koepel fan AEGEE-Europe. De leden fan in lokale feriening binne dus sels gjin lid fan it oerkoepeljende orgaan AEGEE-Europe, dat is allinich de antenna. Dêrom kinne inkeld de antennae stimme op in ledengearkomste.
De measte Nederlânske en Belgyske binne op lokaal nivo in geselligensferiening foar studinten mei ferskate aktiviteiten yn'e eigen stêd. Faaks binne de ferienings yn'e eigen stêd ek lid fan oare koepels, lyk as de Pleatslike Keamer fan Ferienings of oare ynternasjonale koepels. Yn Nederlân binne d'r AEGEE antennae yn hast alle universiteitsstêden útsein yn Wageningen. Yn fjouwer stêden yn België is in AEGEE antenna, en dêrneist is it haadkantoar fan'e koepel AEGEE-Europe yn Brussel fêstige. AEGEE is net allinich foar studinten fan'e universiteit en yn it ferline hawwe d'r ek AEGEE-antennae yn ferskate Nederlânske HBO-stêden west. De hjoeddeiske ferienings binne op alfabetyske folchoarder:
AEGEE Amsterdam [bewurkje seksje]
---
AEGEE Antwerpen [bewurkje seksje]
---
AEGEE Brussel [bewurkje seksje]
---
AEGEE Delft [bewurkje seksje]
---
AEGEE Eindhoven [bewurkje seksje]
---
AEGEE Gint [bewurkje seksje]
---
AEGEE Grins [bewurkje seksje]
---
AEGEE Leien [bewurkje seksje]
---
AEGEE Leuven [bewurkje seksje]
---
AEGEE Maastricht [bewurkje seksje]
---
AEGEE Nymwegen [bewurkje seksje]
---
AEGEE Rotterdam [bewurkje seksje]
---
AEGEE Tilburch [bewurkje seksje]
---
AEGEE Utert [bewurkje seksje]
---
AEGEE Ynskedee [bewurkje seksje]
---
Koepel (Europeesk nivo) [bewurkje seksje]
De lokale AEGEE ferienings binne lid fan'e Europeeske AEGEE koepel, dy't faaks AEGEE-Europe neamd wurdt.