Antoon Leonard de Rop

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan A.L. De Rop)
Antoon Leonard de Rop
Antoon Leonard de Rop
Antoon Leonard de Rop
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 25 oktober 1837
stoarn 3 maaie 1895
wurkpaad
berop/amt Underwizer
aktyf as dichter, skriuwer
reden
  bekendheid
lieten
offisjele webside
gjin

Antoon Leonard de Rop (De Haach, 25 oktober 1837 - Amsterdam, 3 maaie 1895) wie in Nederlânsk ûnderwizer, skriuwer en dichter, benammen foar bern. De Rop wie fan 25 oktober 1873 ôf haad fan in legere skoalle yn Amsterdam.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Rop wie in dichter út de skoalle fan Joseph Alberdingk Thijm. Hy skreau ûnder oaren de bernegedichten Korenbloemen en lentegroen, Duinbloemen (1871), Immortellen en rozen (1884), Lelietjes van Dalen, Sterrebloemen (1892), Bosviooltjes en lentebloesem, Uit de jeugd van beroemde personen (1879) en Sneeuwklokjes. Hy skreau ferhalen en gedichten yn de Kindercourant, yn Bato, Voor 't jonge volkje en oare tydskriften foar de jongerein. Fierder publisearre er ûnder mear yn de Kunstkroniek, yn Eigen Haard, De Nederlandsche Spectator, ensafuorthinne. It bondeltsje Gedichten ferskynde 1876 en in fertaling fan Herman und Dorothea fan Johann Wolfgang von Goethe yn 1885.

Ferskate teksten fan him waarden as liet opnaam yn de lietbondel Kun je nog zingen, zing dan mee (earste printinge 1906). Dat lietboek wie tige populêr en waard de hiele tweintichste iuw troch werprinte. It giet om de lietsjes:

  • De paden op, de lanen in, vooruit met flinken pas (toansetter Richard Hol)
  • Het weer is guur, de winter nadert (toansetter Bernard Zweers)
  • Hoe prettig is nu 't schemeruurtje (toansetter Bernard Zweers)
  • In een blauwgeruiten kiel draaide hij aan 't groote wiel (toansetter Richard Hol)
  • Vaarwel, vaarwel mijn dierbaar vaderland (toansetter Richard Hol)
  • Voor Sinterklaas den kindervriend een feestlied aangeheven (toansetter Bernard Zweers)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: