968
Ut Wikipedy
Ieuwen: 5e -- 6e -- 7e -- 8e -- 9e -- 10e ieu -- 11e -- 12e -- 13e -- 14e -- 15e
Jierren: 963 - 964 - 965 - 966 - 967 - 968 - 969 - 970 - 971 - 972 - 973
Foarfallen [bewurkje seksje]
- It Goai wurdt oerdroegen oan de Abdij yn Elten
- Yn de slach by Sucoit ferslaan de Dal-Cais de Denen fan Limerick en plonderje de stêd. Matgamain ferheft himsels ta kening fan Munster no't de macht fan de Denen brutsen is.
- De Byzantynsk skiedskriuwer Leo Diaconus jout de earste beskriuwing fan de korona fan de sinne dy't hy sjoen hat by de sinnefertsjustering fan 22 desimber.
- De Fesuvius komt ta útbarsting.
- De Wytsingen plonderje it noarden fan Spanje. Neffens sizzen wurdt ek Santiago de Compostella oanfallen.
- Otto I fan it Hillige Roomske ryk wurdt by Bari ferslein troch de Byzantinen.
- juny - It gesantskip fan Liutprand fan Cremona oan it Byzantynske hof wurdt in mislearring. Nisefoarus II Pokas wegert de soan fan Otto mei in Byzantynske prinses trouwe te litten.
- Liutprand moetet Russen yn Konstantinopel. Hy fergeliket se mei Noarmannen.
- Otto I organisearret in evangelisaasje ûnder de Saksen en stiftet it aartsbisdom fan Maagdenburch en de byhearrende bisdommen Meissen, Merseburg en Zeitz mei it eachmerk de Slaven fan it Elbe-gebiet te bekearen.
- Foarst Mieszko I stiftet it earste Poalske bisdom yn Poznań (Posen).
- Neffens de leginde stiftet Topiltzin Ce Acatl Kwuetzalcoatl de stêd Tollan.
Berne [bewurkje seksje]
- Keizer Kazan fan Japan
- Ethelred II fan Ingelân
- Romanus Argyrus, letter Romanus III, keizer fan Byzantsium.
Ferstoarn [bewurkje seksje]
- 14 maart - Matildis fan Ringelheim, twadde frou fan de Dútse kening Hindrik I de Fûgelder
Jierren: 963 - 964 - 965 - 966 - 967 - 968 - 969 - 970 - 971 - 972 - 973
Ieuwen: 5e -- 6e -- 7e -- 8e -- 9e -- 10e ieu -- 11e -- 12e -- 13e -- 14e -- 15e
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory 968 fan Wikimedia Commons. |