461 Ocean Boulevard

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Eric Clapton yn Wetzikon, Surich op 19 juny 1977

461 Ocean Boulevard is in yn july 1974 by RSO Records ferskynd album fan bluesmuzikant Eric Clapton. It wie syn earste album neidat hy stoppe wie mei hearoïne en syn twadde nei it útelkoar gean fan Derek & the Dominoes. De ferwachtingen wiene heech, sadat Clapton by it meitsjen fan it album ûnder grutte druk stie. It waard lykwols goed ûntfongen, al fûnen guon kritikasters dat mei 461 Ocean Boulevard de kreative groei der by Clapton wat út wie. It helle lykwols de hitlisten en yn ferskate sels it earste plak.

De muzikanten[bewurkje seksje | edit source]

Eric Clapton - dobro, gitaar, sang.
Yvonne Elliman - sang
Albhy Galuten - toetsynstruminten
Tom Bernfield - sang
Dick Sims - oargel, bas en keyboard
George Terry - gitaar, piano en eftergrûn sang
Carl Radle - bas
Jamie Oldaker, Al Jackson en Jim Fox - slachwurk
Thomas Bernfeld - eftergrûn sang

De nûmers[bewurkje seksje | edit source]

  1. "Motherless Children" (Traditional) - 4:53
  2. "Give Me Strength" (Clapton) - 2:54
  3. "Willie and the Hand Jive" (Otis) - 3:31
  4. "Get Ready" (Clapton/Elliman) - 3:47
  5. "I Shot the Sheriff" (Marley) - 4:25
  6. "I Can't Hold Out" (James) - 4:14
  7. "Please Be With Me" (Boyer) - 3:26
  8. "Let It Grow" (Clapton) - 5:00
  9. "Steady Rollin' Man" (Johnson) - 3:14
  10. "Mainline Florida" (Terry) - 4:04