.eu

Ut Wikipedy
Flagge fan de Europeeske Uny

.eu is it taheaksel fan Europeeske domeinnammen. .eu-domeinnammen wurde útjûn troch The European Registry of Internet Domain Names (EURid), dy 't ferantwurdlik is foar it topleveldomein 'eu'.

De domeinnamme wurdt yn Europeeske lannen ek wol brûkt as de winske domeinnamme mei it taheaksel fan it betreffende lân al yn gebrûk is.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Foar 7 desimber 2005 koene .eu-domeinnammen oanfrege wurde by inkele webhostingbedriuwen.
  • Op 7 desimber 2005 om 11:00 gie de "Sunrise I"-perioade yn. Bepaalde domeinnammen waarden beskikber steld foar hâlders fan bepaalde rjochten (hannelsmerken ensfh.). Dizze perioade duorre oant en mei 6 febrewaris 2006.
  • Op 7 febrewaris 2006 om 11:00 gie de "Sunrise II"-perioade yn. De rjochten foar Sunrise I waarden licht fersoepele, sadat mear organisaasjes in domeinnamme registrearje koene. Dizze perioade duorre oant en mei 6 april 2006.
  • Op 7 april 2006 om 11.00 gie de "Landrush"-perioade yn. Eltsenien kin .eu-domeinen registrearje. Yn de perioade dy't hjirop folge wienen der in hiel soad oanfragen foar in .eu-domein.
  • Op 26 juny waard bekend dat der mear as 2.000.000 .eu-domeinnammen registrearre binne. Nederlanners hawwe dêrfan 234.690 adressen yn hannen.

Europeeske Uny[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

.eu.int wie oant 9 maaie 2006 it subdomein dat brûkt waard foar benammen de Jeropeeske Kommisje en it Jeropeesk Parlemint, basearre op it generike top-level-domein .int foar ynternasjonale ynstellings mei eu as second-level-domein. Yn desimber 2005 waard .eu yntrodusearre wêrby't op 9 maaie 2006 de measte domeinnammen einigjend op .eu.int ferhuzen nei .europa.eu op Europadei. De Jeropeeske Sintrale Bank is lykwols gjin ûnderdiel fan de "Europa-paraplu" fanwege har politike ûnôfhinklikheid en brûkt dêrom inkeld ECB.int, mar hat ecb.europa.eu as in alias.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]