Hammetje

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "'t-Hammetje")
Gean nei: navigaasje, sykje
Hammetje
Fiver op de eftergrûn

It Hammetje is in folly yn de foarm fan in kastieleftich bousel oan de Domstrjitte 82 yn Holkerveen, by Vathorst, noardwest fan Amersfoort. De samling eigenmakke bousels is makke troch Willem Ham. Hy begûn der yn 1988 mei en de folly waard in ûnderkommen foar hûnderten pauwen, krielhinnen, poelepetaten en oar fûgelte.
Begjin jierren santich kocht Ham in keal stik grûn fan 8 hektare mei in ûntsâningsplasse, dy't by de oanlis fan de A28 ûntstien wie. Hy plante der beamen en strûken en lei mei pún eilannen oan (ûnder mear eilân Man yn de foarm fan in neakene, mei de fuotten wiid lizzende Eva). It wetter hat in trochsneed fan 350 meter mei trije eilantsjes der yn. It djipste gedielte is 21 meter djip. Hammetje makke as mitselerssoan mei syn eigen hannen fan sloopôffal twa minykastieltsjes mei de nammen Fort Willem l en Fort Willem ll. Hy hie gjin fergunning, mar de lokale oerheid liet him gewurde. Ham lei ek twa eilantsjes oan, dy't er nammen fan Waadeilannen joech, Tessel en Rottum. Der rûn ek skiep op it paradyske fan Ham. Hy rjochte it gebiet yn as in arsjitektoanysk protest tsjin de oplûkende stêd. Wyls leit it gebiet dan oan de râne fan de bebouwing fan de Amersfoartse wyk Vathorst. Om 2005 hinne ferkocht Hammetje syn paradys oan de gemeente.

Hjir hawwe eartiids opnames west foar inkele TV-programma's wêrûnder Kinderen voor Kinderen.


Gebouwen[bewurkje seksje | edit source]

De beide singeliere miny-kastieltsjes hawwe fjouwer ferdjippings mei in poartgebou der foar. De mearkeëftige gebouwen binne makke fan sloopôffal, bakstienen, tegels, balstiennen, rioelbuizen (as geskut) en ramen út âlde tsjerkegebouwen. Dat die hy sûnder wetterpas, mjitlatte of boutekening. Oan de bûtenkant is it fort optúgd mei siertegeltsjes, dy't foar in part al wer loslitte, âld lânboureau en in soad byldsjes fan harderintsjes, bisten en nymfen. Al binne de geboukes net foar bewenning bedoeld binne, se binne wol ynrjochte mei alderlei snypsnaren en wat meubilêr. Alles sit slim ûnder de stront fan yn- en útfleanende dowen. It gebiet luts ek reeën en strânljippen oan. Bytiden stoppen der ek bussen mei besikers. Hammetje ûntfong syn besite graach, earst yn in kafee, letter op in pear stuoltsjes by de wetterplasse. Op it gebiet leit noch altiten in horekabestimming.

Willem Ham[bewurkje seksje | edit source]

Ham wie hikke en tein yn Holkerveen. Hy kaam oan de kost as streuper, merkekeapman, kastlein, meubelhanneler en jager op grut wyld. It jeien siet him yn it bloed. Sûnt er as jongfeint trapearre waard troch de plysje jage er mei ien fergunning om de wyldstân op piel te hâlden. As natoerleafhawwer hie er it net maklik doe't al syn fûgels romme wurde moasten fanwege de fûgelpest yn de regio. In protte soarten hinnen, einen, guozzen, pauwen en wetterfûgels by de plasse waarden troch de Algemiene Ynspeksje Tsjinst ôfmakke. Ham ferstoar yn maart 2006 doe't er 75 jier wie. Doe't Willem Ham ferstoarn is de kavel opkocht de gemeente Amersfoort. It bousel like bedrige te wurden troch de bou fan in fiadukt en in ôfrit fan de neistlizzende A28. Neist it kastiel, op deselde kavel, steane twa bungalows oan it marke. Hjiryn wenje de beide bern fan Willem. Dy bousels binne betinge troch de famylje, omdat de gemeente dan wat oare grûn keapje mocht. It terrein is troch de gemeente mei grutte stekken ôfsluten foar publyk.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: