Östersund
| Östersund | ||
| Östersund fan Frösön ôf sjoen | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 44.327 (2010) | |
| Oerflak | 27,28 km² | |
| Befolkingstichtens | 1.625 / km² | |
| Polityk | ||
| Lân | Sweden | |
| Provinsje | Jämtlands län | |
| Gemeente | Östersund | |
| Oar | ||
| Stifting | 1786 | |
| Webside | www.ostersund.se, ek (in) | |
Östersund is in stêd yn de gemeenten Östersund en Krokom yn it lânskip Jämtland en de provinsje Jämtlands län yn Sweden. Östersund is de haadstêd fan de gemeente Östersund en de provinsje Jämtlands län, it is ek de grutste stêd fan it noarwesten fan Sweden.
Östersund is stifte yn 1786 troch kening Gustav III fan Sweden. Östersund ûntjoech har de earste hûndert jier mar stadich, mar nei de komst fan it spoar yn 1879, begûn de stêd te groeien.
De stêd leit oan de eastkant fan de útrinner Brunfloviken fan it Storsjön ('de grutte mar'). Neffens de leginde libbet der in meumster yn dat mar: Storsjödjuret; lykas by it Monster fan Loch Ness besykje jin dat te kultivearjen, mar de Sweden wolle der eingentlik net oan. Tsjinoer Östersund leit de wyk Frösö op it eilân Frösön. Op itselde eilân leit ek de “Åre Östersund Airport” foar sawol nasjonale as ynternasjonale flechten.
Winterdeis kin it yn Östersund -30 of -40 °C wurde, wylst temperatueren fan +25 °C simmers net ûngewoan binne; fanwege it protte wetter yn de omkriten hearsket dêr soms in miggepleach.
De Mittuniversiteit hat in kampus yn de stêd. It sintrum fan Östersund hat 300 winkels, 20 galeryen en likernôch 50 restaurants. It Jamtli, it provinsjaalmuseum fan Jämtland, is in iepenloftmuseum oer de 18e en 19e ieu.
Ferneamde lju út Östersund [bewurkje seksje]
- Ernst Julius Berg (1871–1941), radiopionier
- Sören Wibe (1946–2010), ekonomm en politikus
- Rolf Lassgård (* 1955), akteur
- Camilla Nilsson (* 1967), langlaufer
- Ylva Nowén (* 1970), langlaufer
- Annika Norlin (* 1977), sjongster
- Erika Wiklund (* 1988), heechljepster
Keppelings om utens [bewurkje seksje]
- Toeristeynformaasje (ingelsk, dútsk, sweedsk)
- Provinsjaalmuseum Jamtli (dútsk)