Örebro
| Örebro | ||
| Kastiel Örebro | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 107.038 (2010) | |
| Oerflak | 42,96 km² | |
| Befolkingstichtens | 2491,57 / km² | |
| Polityk | ||
| Lân | Sweden | |
| Lânskip | Örebro län | |
| Gemeente | Örebro | |
| Oar | ||
| Stifting | 1404 stedsrjochten | |
| Tiidsône | CET (UTC+1) | |
| Koördinaten | ||
| Webside | http://www.orebro.se | |
Örebro (letterlik: 'brêge oer grintbanken') is in Sweedske stêd yn it lânskip Närke en de provinsje Örebro län. Örebro heart ta de gemeente Örebro. De stêd leit yn in foar Sweedske begripen tichtbefolke gebiet, yn Midden-Sweden. It is de op 5 nei grutste stêd fan it lân. Örebro is ien fan de stêden yn Sweden dy't te meitsjen hat mei in flugge befolkingsgroei oer de perioade 2005-2010. Der wurdt ferwachte dat as dat sa trochgiet it plak grutter wurde sil as de stêd Västerås en sa it op 4 nei grutste plak wurden sil.
De delsetting ûntstie oan it rivierke Svartån dy't yn de Hjälmarenmar útkomt. It waard yn de Skandinavyske midsieuwen in hannelsplak fan belang dat yn de 13e ieu al yn skriftlike boarnen neamd waard.
Yn de twadde helte fan de 19e ieu makke de skuonyndustry dêr opgong en makke de stêd ek har earste groeispurt troch. It grutte tal skuonfabriken besoargen de stêd har bynamme 'skuonstêd'. Healwei de 20e ieu waarden tsjinstferliening en ûnderwiis hieltyd wichtiger. De Universiteit fan Örebro is ien fan Sweden's nijste, dat wol sizze de besteand hegeskoalle (högskola) waard yn 1999 opwurdearre ta universiteit.
Örebro is ferneamd om har kastiel yn it sintrum op in eilantsje yn de Svartån en ek om de wettertoer 'Svampen' (= de poddestoel).
Berne yn Örebro [bewurkje seksje]
- Jens Byggmark, alpineskiër
- Ronnie Peterson, Formule 1-kûreur
- Johan Röjler, reedrider
- Karl Manne Georg Siegbahn, natuerkundige en Nobelpriiswinner
- Millencolin, punkrockband
- Daniel fan Sweden, de man fan kroanprinsesse Victoria fan Sweden